It is lang, Frysk en it sjongt…. Theun Plantinga.  
 
Mei 45 meter boppe N.A.P. is it Vuurboetsdún op Flylân it heechste natoerlike punt fan Fryslân. Goeie twadde…Theun Plantinga!
 
Theun Plantinga sit tsien jier yn it teaterfak en dat fiert hy dit seisoen mei syn earste soloprogramma ‘Grutte Jonge’.
Theun bringt teater mei it idioate fan André van Duin en it ûntoerende fan it Kleinkunstliet.
Hy skeakelet yn heech tempo fan hilaryske types en werkenbere sketskes nei porselynen ferskes dy’t basearre binne op syn eigen libben. En dy is al-ler-minst saai!
 
Mei syn waarme stim sjongt er de moaiste harksankjes fan himsels en fan oare ‘grutte’ kleinkunstenaars.
‘Grutte Jonge’ is kleinkunst, muzykteater en in konsert yn ien.
De regy is yn hannen van Pepijn Cladder.
 
Plantinga is bekind fan û.o. ‘grutte’ teatersuksessen lykas ‘It mirakel fan Hansje Brinker’, ‘De
Kleine Kapitein’, ‘Schateiland’, ‘De Wonderlijke reis van Mijnheer Prikkebeen’, ‘Achtste Groepers
huilen niet’ en ‘De 101 Dalmatiërs’. Dit seisoen is hy ek te sjen yn ‘Jip en Janneke, de Mjoezikul’ fan de Firma Rieks Swarte en Bos Theaterproducties.
NCRV’s Volgspot rôp him út ta ‘Kleinkunsttalint’ 2009-2010.